Home / Series / Baas Boppe Baas / Aired Order /

All Seasons

Season 1

  • S01E01 De projektûntwikkeler

    • November 13, 2001

    Beant Baas is it net iens mei de nije plannen foar in lúkse jachthaven en appartemintekompleks yn syn doarp. Mar syn skoandochter Talieta liket it wol moai ta en se sil prate mei de projektûntwikkeler oer it appartemintekompleks. Mar de projektûntwikkeler wol dan eins wat oars as prate...

  • S01E02 Oars as oaren

    • November 20, 2001

    Beant Baas komt de ideale skoansoan foar syn dochter Afke tsjin. Mar Afke sit lykwols mei in grut geheim. Hoe moat se dit fertelle oan har âlden?

  • S01E03 It lot

    • November 27, 2001

    Froukje keapet in lot foar de lotterij sûnder it Beant te fertellen. Wûnder boppe wûnder wint se de lotterij. Beant en Froukje begjinne it jild út te jaan, mar dan bart der wat dêr't se nea oan tocht hiene…

  • S01E04 Sike kij

    • December 4, 2001

    Meardere kij wurde siik en de boeren tinke dat it oan smoarch sleatswetter leit. Der is in jerrycan mei frjemd guod fûn yn de sleat en de plysje docht ûndersyk nei de saak. Mar Beant hat al in idee fan wa't de jerrycan is...

  • S01E05 Skytskjin

    • December 11, 2001

    Froukje sil mei it koar nei Amsterdam, mar Beant fertrout it net hielendal. Dan betinkt hy wat wêrtroch't se wol thúsbliuwe moat...

  • S01E06 Asylsikers

    • December 18, 2001

    Der komme in soad asylsikers nei it doarp fan Beant. Beant en Talieta fine dit mar neat en wolle dat se wer fuort gean. Dochs bart der wat wêrtroch't Beant Baas fan gedachten feroaret...

  • S01E07 Kening op sokken

    • December 25, 2001

    Joukje en Talieta Baas binne oan it eksperimintearjen mei spesjaal ynstraald wetter. Beant Baas is troch de rêch gien. Miskien soe it wetter him helpe...

  • S01E08 Bromnozems & Motordúvels

    • January 1, 2002

    Yn it doarp fan de famylje Baas wurdt ynbrutsen yn in loads en der binne brommers, motors en kompjûters stellen. De buorjonge fan Beant Baas, Bennie, wurdt fan dizze stellerij fertocht...

  • S01E09 Spermadonor

    • January 8, 2002

    Nei't de freondinne fan Afke de famylje Baas moetet, tinkt Afke hieltyd faker oan it krijen fan bern. Mar der sil earst in spermadonor komme moatte...

  • S01E10 Puikbêste jierappels

    • January 15, 2002

    Yn it doarp fan de famylje Baas liket in ferset tsjin it Frysk te ûntstean dy’t ek syn weromslach binnen de famylje Baas krijt. De fraach is fansels: wa wint de striid?

  • S01E11 Nei-aperij

    • January 22, 2002

    Under it iten fertelt Cynthia oan har pake en beppe dat se in nij húsdier ha. In lyts en aardich aapke. Mar wat dit bist jûns allegearre útfret is net sa moai...

  • S01E12 Swarte skoansoan

    • January 29, 2002

    Afke hat in nije freon, in swarte jonge, Winston. Beant fynt it mar neat, sa'n bûtenlanner. Dan docht Winston wat wêrtroch Beant syn foaroardielen net wier blike te wêzen...

Season 2

  • S02E01 It geheim (diel 1)

    • November 5, 2002

    By de famylje Baas is in hûntsje oanrûn en se jouwe him de namme Wijke. It docht lykwols bliken dat Wijke slim siik is. Der ûntstiet in konflikt yn de famylje: moatte se it dier ynsliepe litte of net...

  • S02E02 It geheim (diel 2)

    • November 12, 2002

    Afke fynt in mystearje dat yn it hûs Baas spilet. Joukje wol graach iepen kaart spylje. Mar Beant ferbiedt it har...

  • S02E03 Moraalridders

    • November 19, 2002

    Hoe fier kinst gean, as it om leafde giet? Beant ûntdekt dat de troude barfrou tutet mei in oare man. Wat moat hy dwaan?

  • S02E04 Heldere geast

    • November 26, 2002

    Joukje begjint dingen te ferjitten en dêrom tinkt se dat se oan it demintearjen is. As se dit oan Beant fertelt, tinkt hy dat der wat oars oan de hân is.

  • S02E05 Rockfeest

    • December 3, 2002

    Bennie sil in rockfeest organisearje op in stik lân ticht by it doarp. Talieta is lestich fallen troch in pear hardrock-fans en sjocht sa’n rockfeest hielendal net sitten en besiket fan alles om it feest te kearen.

  • S02E06 Strak kontsje

    • December 10, 2002

    Binnen it follybalteam ûntdekt Afke net winske yntimiteiten. Se fertinkt har coach, Wiebe Fokkema, in kroechmaat fan Beant, want hy liket nochal fertocht.

  • S02E07 Kloateboeren

    • December 17, 2002

    Bennie is fereale op Emma. Se is in Nederlânsktalich famke en net steld op boerepummels en stoere brommers. Bennie hâldt fol en krijt in kâns fan Emma. Soe se him dochs aardich fine?

  • S02E08 Krekt beukers

    • December 24, 2002

    Sjoerd is net mear sa lokkich mei syn wurk. Hy is oan in ‘sabatical’ ta fynt er sels. Dan komt der in fantastyske oanbieding fan in bistedokter út it bûtenlân. Grypt hy de kâns?

  • S02E09 Búk fol biennen

    • January 7, 2003

    Talieta is wat mislik de ôfrûne dagen. Se is yn ferwachting. Sjoerd sit yn it bûtenlân en no stiet se allinnich foar de drege kar. Sil se it berntsje hâlde of net?

  • S02E10 It lintsje

    • January 14, 2003

    Ferskate klups út it doarp fan Beant hawwe in oanfraach yntsjinne foar in lintsje. Beant seit dat hy gjin lintsje ha wol, mar stikem liket it him wol wat. Sil hy it lintsje krije?

  • S02E11 Nea wer aaisykje

    • January 21, 2003

    De skoandochter fan Beant, Talieta, fynt it aaisykjen elke maitiid mar simpel. Mar troch Beant syn geswets oer it sykjen besiket sy om it earste ljipaai te finen. Slagget it har of net?

  • S02E12 Tongblier

    • January 21, 2003

    De nije bistedokter, Frank, tinkt dat der in gefal fan tongblier is yn it doarp. As dit it gefal is, moatte in soad bisten ôfmakke wurde en soe it slimme gefolgen ha foar de boeren yn de omjouwing. Soe it sa wêze?

Season 3

  • S03E01 De ûntfiering

    • November 18, 2003

    Beant skriuwt in column oer it Frysk. Hy fynt dat elkenien Frysk prate moat as se yn Fryslân wenje. In soad Nederlânsktalige minsken yn syn omjouwing binne dêrtroch kwetst en betinke in manier om him in leske te learen.

  • S03E02 Junkies

    • November 25, 2003

    Afke fynt it moai om nei de draafbaan yn Wolvegea te gean om op de hynders te gokken. Mar dizze hobby begjint út de hân te rinnen.

  • S03E03 Sodom en Gommora

    • December 2, 2003

    Beant ferliest de weddenskip dy’t er mei Joukje hat. No moat hy mei har in dei nei Amsterdam en Beant sjocht it fansels hielendal net sitten. As se yn Amsterdam oankomme, binne se inoar fuortendaliks al kwyt. Beant siket Joukje en Joukje is op syk nei Beant.

  • S03E04 Hurdriders/deariders

    • December 9, 2003

    Der is in hûntsje oanriden troch in auto en de dieder is trochriden. It hiele doarp hat it deroer. Beant tinkt dat hysels it miskien dien hat.

  • S03E05 Geit ferstekke

    • December 16, 2003

    Beant hat in protte pine as hy pisje moat. De mannen út de kroech fertelle him as grapke dat in joint him helpe kin. Soe hy it besykje?

  • S03E06 Kealleleafde

    • December 23, 2003

    De frou fan Beant sil mei in âlde bekende nei in fuotbalwedstriid fan SC Hearrenfean en Beant fynt it mar neat.

  • S03E07 Beant goes Hollywood

    • December 30, 2003

    In kameraploech is opnamen oan it meitsjen yn it doarp. De regisseur freget oft Beant it doarp goed ken en oft hy in rol as gids fertolkje wol yn “Holland in beeld”. Beant docht syn bêst om in goede gids te wêzen, mar syn kondysje sit him yn it paad.

Season 4

  • S04E01 Libbenslot

    • November 19, 2004

    Beant leit yn it sikehûs en krijt in hertoanfal. De dokter seit dat hy syn libben feroarje moat. Gjin sjekjes en Beerenburg mear. Oft him dat slagget, is noch mar de fraach. Dêrneist bart der wat dramatysks, wêrtroch't de hiele famylje Baas rekke wurdt. Sille se der wer boppe-op komme?

  • S04E02 Pluk de dei

    • November 26, 2004

    Talieta is mei de famylje Baas mei de boat fuort. Jûns sjocht sy in oare boat en tinkt dat der wat mei de boat oan de hân is. Talieta giet op ûndersyk út. Wat sy net wit, is dat har stalker op dy boat sit.

  • S04E03 Jildwolf

    • December 3, 2004

    Der is in soad stress by de famylje Baas. Elkenien mist Sjoerd, Afke is ophâlden mei har wurk en Beant hat syn plakje by de doarpskrante ferlern.

  • S04E04 Pesterij

    • December 10, 2004

    Cynthia docht hiel frjemd en is brutaal. Boppedat fertelt har master dat se in mobile telefoan stellen hat. Wat is der mei it famke oan de hân?

  • S04E05 NSB'er

    • December 17, 2004

    Het is alweer een poos geleden dat Sjoerd is overleden. De familie Baas probeert het leven weer op te pakken.

  • S04E06 Krystepidemy

    • December 24, 2004

    Elkenien hat it swier mei de earste krystdagen sûnder Sjoerd. Talieta moat it krystdiner meitsje omdat Froukje siik is. Dan komt der samar ien om har te helpen.

  • S04E07 Fjoerwurk

    • December 31, 2004

    Beant en Bennie begjinne in hanneltsje yn fjoerwurk. Se nimme wol in risiko, want de plysje docht allegearre kontrôles.

  • S04E08 Goede foarnimmens

    • January 7, 2005

    De famylje Baas giet it nije jier yn en dêr hearre fansels goede foarnimmens by.

  • S04E09 Ein fan 'e ikker

    • January 14, 2005

    Joukje fielt har de lêste tiid net sa lekker en se beslút om nei in sikehûs te gean. De diagnoaze is net sa bêst.

  • S04E10 Fluch nei 't ein

    • January 21, 2005

    Joukje hat kanker, mar bliuwt lykwols sterk en fynt dat se rjocht hat op in eigen beslút. Se wol graach eutanasy, mar dit soarget foar in soad argewaasje yn it hûs fan de famylje Baas.

  • SPECIAL 0x1 Unknown

    • January 1, 2004